Earlybird-kaarten foar ús nije foarstelling ‘In Toanielstik’

Omdat wy grutsk binne op ús nije produksje ‘In Toanielstik’ hawwe wy tydlik Earlybird-kaarten mei koarting! As feriening fine wy it wichtich dat kultuer foar elkenien betelber bliuwt. Mei dizze koarting hoopje wy dêr wer in lytse ekstra bydrage oan te leverjen.

Leden komme fansels al fergees nei ús foarstellingen, mar we sjogge faak dat de oanhing noch net lid binne. Nim se dêrom dit kear mei koarting mei nei In Toanielstik!

Earlybird-kaarten binne OP=OP!

‘In Toanielstik’ spesjaal skreaun foar Fryske Krite De Jouwer troch regisseur Marc van der Veen

As feriening wienen wy ta oan wat nijs: in orizjineel stik, mei eigen ynbring en in echte útdaging. Dêrom hawwe wy Marc van der Veen op ‘e nij útnûge foar dit prachtige projekt. Marc hat earder aktyf wist foar de feriening, nammentlik in 2023, en die doe de rezjy fan ‘De Froulju Slachterij’. Syn stijl stiet bekend om fernijende, rauwe, wat absurdistyske en filmyske rezjystyl.

Nei wat ideeën útwiksele te hawwen kaam Marc sels met it idee om wat te skriuwen foar ús feriening, en dat is dan ek bard! It resultaat is in klucht dêr’t elkenien fan genietsje kin. Under syn rezjy en mei syn eigen pinne is der wat moais makke: in ferhaal fol spanning, humor en ûnferwachte mominten dy’t dy oant de lêste sekonde by de les hâlde. Fansels kinne wy noch net alles ferklappe, mar ien ding is wis.. dit wurdt in jûn dy’tsto net gau ferjitte silst.

It stik krijt stadich oan al moai foarm en de spilers binne drok dwaande mei de repetysjes.

Ek dit jier dogge wy wer mei oan de aksje ‘Rabo Clubsupport’

Hasto ek in waarm hert foar Fryske Krite de Jouwer? Stim dan op ús, want mei elke stim draachsto by oan ús klupkas.

Alle leden fan de Rabobank (ûnder de regio Snits-Súdwest-Fryslân) kinne stimme, jo hoege gjin lid te wêzen fan Fryske Krite De Jouwer. Stimme kin noch oant en mei 29 septimber 2026 fia de Rabo App of op https://www.rabobank.nl/leden/clubsupport

Dankewol!

Fryske Krite De Jouwer rekket it publyk mei Memmesiel.

By de Fryske Krite op ’e Jouwer is it wenst dat men kwa toanielspyljen in útdaging siket. Dat wie sneon op ’e nij it gefal. Doe waard de Fryske wrâld premjêre spile fan it muzykteäter stik Yn de ban fan Broadway. Lykas altyd wie de spyllokaasje ’t Haske, in brûsplak foar teäter en ûntspanning.

Fryske Krite De Jouwer spilet in tige werkenber ferhaal yn: Koartsluting’

Mei faasje bringe de fjouwer akteurs harren rollen oer it fuotljocht troch tûke lichemstaal, fijne mimyk en trochtochjte mise & sêne. Se binne oan elkoar weage. De folle seal yn it Haske is faak mûsstil. Mar dan ynienen moat men wer smaaklik laitsje om om al dy taalgrapkes, dy ’t yn it stik sitte. Dit stik moat it ha fan de taal, it ferhaal. Dat wurdt oerstjûgjend fertelt en brocht.