As feriening wienen wy ta oan wat nijs: in orizjineel stik, mei eigen ynbring en in echte útdaging. Dêrom hawwe wy Marc van der Veen op ‘e nij útnûge foar dit prachtige project. Marc is earder aktyf wist foar de feriening, nammelik in 2023, en die doe de rezjy fan ‘De Froulju Slachterij’. Syn stijl steat bekind om fernijende, rauwe, wat absurdistyske en filmyske rezjystyl.

Nei wat ideeën útwiksele te hawwen kaam Marc sels met it idee om wat te skriuwen foar ús feriening, en dat is dan ek bard! It resultaat is in klucht dêr’t elkenien fan genietsje kin. Under syn rezjy en mei syn eigen pinne is der wat moais makke: in ferhaal fol spanning, humor en ûnferwachte mominten dy’t dy oant de lêste sekonde by de les hâlde. Fansels kinne wy noch net alles ferklappe, mar ien ding is wis.. dit wurdt in jûn datsto net gau ferjitte silst.

It stik krijt stadich oan al moai foarm en de spilers binne drok dwaande mei de repetysjes.

De poster is dit jier makke troch Boukje Rekker fan GoingNutsGraphics

In Toanielstik

It Lêste Hûs is in fersoargingstehûs lykas se allegearre binne: te drok, te effisjint, en licht yn ‘e war oer wa’t der eins noch libbet. It personiel docht syn bêst. De bewenners ek, elk op harren eigen wize. As der dy middei besite komt, docht bliken dat der ûnder de deistige gaos fan rollators, telefoans en fergetten skema’s wat skûlet dêr’t nimmen op rekkene hie: echte minsken, mei echte ferhalen, op it punt dat der net folle tiid mear is om se te fertellen. In klucht oer âlder wurde, loslitte, en de fraach oft it ea te let is om noch te sizzen wat sein wurde moat.

Spilers: Simone Woudstra, Pieter Jan Meijer, Nico de Lange, Fenna Tromp, Mattie Bergsma, Sjoerd IJbema & Akke Knol

Fryske Krite de Jouwer spilet ‘In Toanielstik’ yn Party- en sealesintrum ’t Haske en giet op 14 novimber 2026 yn premjêre. Kaarten binne beskikber fan 1 oktober 2026 ôf op ús webside.