KAARTFERKEAP

Bestel dyn kaarten no maklik online fia ús webside!
Kaarten binne ek fysyk te keap – as der noch plak is – oan de doar op ‘e jûn sels.

JONGEREIN

Oant en mei 12 jier âld binne jongeren fergees, 12 o/m 17 jier foar heal jild.

IN TOANIELSTIK

It Lêste Hûs is in fersoargingstehûs lykas se allegeare binne: te drok, te effisjint, en licht yn ‘e war oer wa’t der eins noch libbet. It personiel docht syn bêst. De bewenners ek, elk op harren eigen wize.

As der dy middei besite komt, docht bliken dat der ûnder de deistige gaos fan rollators, telefoans en fergetten skema’s wat skûlet dêr’t nimmen op rekkene hie: echte minsken, mei echte ferhalen, op it punt dat der net folle tiid mear is om se te fertellen.

In klucht oer âlder wurde, loslitte, en de fraach oft it ea te let is om noch te sizzen wat sein wurde moat.

Kaarten beskikber op 1 oktober 2026