Omdat wy grutsk binne op ús nije produksje ‘In Toanielstik‘ hawwe wy tydlik Earlybird-kaarten mei koarting! As feriening fine wy it wichtich dat kultuer foar elkenien betelber bliuwt. Mei dizze koarting hoopje wy dêr wer in lytse ekstra bydrage oan te leverjen.
Leden komme fansels al fergees nei ús foarstellingen, mar we sjogge faak dat de oanhing noch net lid binne. Nim se dêrom dit kear mei koarting mei nei In Toanielstik!
Earlybird-kaarten binne OP=OP!

De poster is dit jier makke troch Boukje Rekker fan GoingNutsGraphics
In Toanielstik
It Lêste Hûs is in fersoargingstehûs lykas se allegearre binne: te drok, te effisjint, en licht yn ‘e war oer wa’t der eins noch libbet. It personiel docht syn bêst. De bewenners ek, elk op harren eigen wize. As der dy middei besite komt, docht bliken dat der ûnder de deistige gaos fan rollators, telefoans en fergetten skema’s wat skûlet dêr’t nimmen op rekkene hie: echte minsken, mei echte ferhalen, op it punt dat der net folle tiid mear is om se te fertellen. In klucht oer âlder wurde, loslitte, en de fraach oft it ea te let is om noch te sizzen wat sein wurde moat.
Spilers: Simone Woudstra, Pieter Jan Meijer, Nico de Lange, Fenna Tromp, Mattie Bergsma, Sjoerd IJbema & Akke Knol
Fryske Krite de Jouwer spilet ‘In Toanielstik’ yn Party- en sealesintrum ’t Haske en giet op 14 novimber 2026 yn premjêre. Kaarten binne no beskikber op ús webside.