Lykas wenst is fersoarget Fryske Krite De Jouwer yn it winterskoft twa toanielfoarstellingen foar it toanielpublyk fan De Jouwer, mar ek rûnom út de omkriten. Foar de earste produksje fan 2024-2025 hie de feriening net de beskikking oer in soad potensjele spilers. Dus wie de kar foar in geskikt stik beheind. Op it lêst waard keazen foar it tragykomyske stik Koartsluting. It is in stik, dat skreaun is troch de taalfirtuoas Haije van der Heyden yn in Fryske oersetting fan Tryntsje van der Zee. In stik, dat al aardich lang op de toanielpanken leit. Mar dat is gjin probleem, want de tematyk, dy ’t der yn foarkomt is fan alle dagen en kin noch altyd op de planken brocht wurde: Alzheimer. Elts hat wol immen yn syn omjouwing, dy ’t hjirmei te krijen hat. 

It ferhaal begjint yn in prachtige eftertún fan Victor en Charlotte. De dekorploech besteande út Jouke Aukes, Marten de Boer, Albert en Walter de Graaf, Hotze Siesling, Piet de Vreeze en Appie de Vries hat in oansprekkend toanielbyld kreëarre. Mei help fan in tal oanpassingen wurde de sênes yn de maaitiid, de simmer en de hjerst yn byld brocht.  

Koartsluting giet dus oer Alzheimer. Victor (treflik spile troch Nico de Lange) boartet sa graach mei de rike Fryske taal, mar kin der op dit stuit net sa goed mear mei omgean. Betizing, ûnwissens, relasjonele problemen binne de gefolgen. Syn frou Charlotte (hiel moai delset troch Mattie Bergsma) hat swierrichheden om Victor folgje te kinne. Dochter Julia (Fenna Tromp) en buorfrou Eva (Sietske Heeg) soargje foar noch mear hektyk yn it Alzheimer-ferhaal. Victor bespeurt wat by himsels: It gefoel foar humor is ôfstoarn. It bringt hiel wat teweech. Op in gegeven stuit wol Victor sels mei buorfrou trouwe. Hoe sil dit ôfrinne? 

Mei faasje bringe de fjouwer akteurs harren rollen oer it fuotljocht troch tûke lichemstaal, fijne mimyk en trochtochjte mise & sêne. Se binne oan elkoar weage. De folle seal yn it Haske is faak mûsstil. Mar dan ynienen moat men wer smaaklik laitsje om om al dy taalgrapkes, dy ’t yn it stik sitte. Dit stik moat it ha fan de taal, it ferhaal. Dat wurdt oerstjûgjend fertelt en brocht. 

Regisseur Afke Hepkema hat in moai totaalplaatsje yn elkoar set. De boadskip, wat ôftakelje yn in gesin foar swierrichheden bringt, wurdt hiel dúdlik. It giet alle kanten út mei de emoasjes. Tige werkenber. Akke Knol hat de spilers moai yn de smink set. De klaaiing is tige passend en fersterket de foarstelling. 

Fryske Krite De Jouwer is der op ‘e nij yn slagge om in bysûndere produksje te realisearjen. Dit tragy-komyske ferhaal stiet ticht by de minsken en fertsjinnet in breed publyk. It is fan alle dagen. No freed 22 en sneon 23 novimber kin De Jouwer en omjouwing fan in fermaaklike toanielfoarstelling genietsje. 

Jelle Terwal