argyf

Fryske Krite De Jouwer 1938-2025
Eardere foarstellingen en aktiviteiten. Fan klassike toanielstikken oant moderne produksjes.

oersjoch toanielstikken

Yn de ban fan Broadway

maart 2025

Grace Rogers, in famke fan ienfâldige komôf, hat mar ien dream.
As aktrise skitterje op it poadium fan it Majestic Teäter op Broadway.
Om har doel te berikken, besiket se yn kontakt te kommen mei har grutte idoal: de bekende Broadway-stjeraktrise Margo Miller.
Dat slagget har fia Margo har freondinne Karen, dy’t Grace nei in foarstelling mei nimt nei de klaaikeamer om har foar te stellen oan Margo. 

As Grace har libbensferhaal oan Margo fertelt, kriget dy meilijen mei har en nimt se har ûnder har hoede. Dan sil al gau blike dat Grace net it naïve famke is wer’t elk har foar hâldt. Op in berekkenjende manier besiket se har doel te berikken, en wurdt Margo úteinlik fan har troan stjitten.

koartsluting

novimber 2024

Koartsluting giet oer alzheimer en spilet him ôf op trije dagen, elk yn in oar seizoen. Yn elk seizoen sjogge wy Victor hieltyd mear wrakselje mei de gefolgen fan syn ferjitlikens. Hy komt stadichoan ta it besef dat er syn grip op de realiteit oan it ferliezen is.

Hy rekket syn ûnthâld kwyt, wurdt betize en hat muoite om syn wurden goed te finen. Hy besiket syn ferjitlikens op ferskate manieren te ferbergjen, mar rekket dêrby yn in min sin. Syn fassinaasje foar taal spilet hjir in grutte rol, wylst er dúdlik oanfielt dat de taal him troch de fingers glydt.

Charlotte, de frou fan Victor, wrakselet hjir ek mei. It is dreech foar te stellen hoe’t ien hiel helder wêze kin en in tel letter net mear wit wa’t sy is. Foar har stiet it libben ek op syn kop en komt it houlik sa’t it wie ûnder druk te stean. Julia, harren dochter, en Eva, de buorfrou, steane der wat fierder fanôf en reagearje op har eigen manier op de ferjitlikens en de minne sin fan Victor. Sy binne dêrneist drok dwaande om harren eigen libben wer op oarder te krijen.

de himmelsters

maart 2024

Yn ‘De Himmelsters’ sjogge wy fjouwer froulju, dy’t op de ôfdeling Hûshâlding fan in middelgrutte ûnderwiisynstelling wurkje.

Se komme nei de simmerfakânsje wer foar it earst op it wurk. 
Gewoanwei binne se altyd mei syn fiven, mar ien fan harren, Anita, komt net opdaagjen. Grut is de skrik, as blykt dat Anita dea op it húske sit. Wat is der bard en wat moatte se no dwaan? En hoe kin it, dat gjinien har mist hat?

de frouljus slachterij

novimber 2023

“Nea bang wêze foar manlju, froulju binne slimmer”.

Dizze liifspreuk wurdt troch fjouwer froulju yn in lyts Frânsk doarpke op bysûndere wiize krêft bijsetten. As de slachter fan it doarp stjert, nimme syn dochter en har ivich eameljende man de saak oer. Dit is it begjin fan in rige dramatyske foarfallen, lugubere incidenten en romantyske misferstannen dy’t libben yn it doarpke foargoed feroarje sille.

privee foar twa

maart 2023

Sy is de minneres fan twa manlju, dy’t elkoar net kenne, wylst har man in misdiediger is yn Súd Amearika. Dan komt har suster útfanhûs en ien fan de manlju ferstûket it ankel, wêrtroch beide manlju tagelyk oanwêzich binne en de leagens elkenien om de earen fleane

inkele reis

novimber 2022

In thriller-skriuwster en har suster sjogge in inkele reis nei in tehûs as it slimste wat harren oerkomme kin en se wolle it proses fan ôftakeling koste wat kost foarkomme. Se skeakelje in sinistere man yn om se te helpen by harren lêste winsk, mar sa gau at de man by harren oer de flier is ûntstiet der in opienfolging fan frjemde gebeurtenissen dy’t gjinien foar mooglik holden hie. Alles blykt hieltyd wer oars te wêzen as dat tocht waard en hoe’t it ôfrint is oant de lêste side ta net te foarsizzen.

griener gers

maart 2022

Mark en Esther wenje neist Erik en Juliëtte. Njonken dat de fjouwer buorlju fan inoar binne, is der yn de rin fan de tiid ek in freonskip ûntstien. Se komme geregeld by inoar oer de flier. Ek al liket de freonskip hecht, ûnderhûds spilet ôfgeunst dochs in wichtige rol. Under in itentsje by Erik en Juliëtte thús, skept Erik frijwat op oer djoere auto’s en fakânsjes nei lúkse oarden. Mark wol net foar him ûnder dwaan. En sa bedarje Mark en Esther troch Mark syn opskepperij in wike “op fakânsje” by harren thús yn de kelder… In komeedzje oer dat it gers oan de oare kant altyd griener liket…

Fantasten en Stjonksyskes

novimber 2021

Moarns, nei de jierlikse útfiering fan it muzykkorps, wurde trije manlju wekker mei in swiere holle, omdat se oant betiid yn de moarn stevich sitten ha te sûpen. Se ha suver in black-out en witte amper mear wat foar of achter is. Kees Broekstra hat him sels yn de timmersaak deljûn omdat er net by de frou op bêd doarst te krûpen. Soan Frank wurdt troch mem Selma fan ‘t bêd reage en plysjeman Johan wurdt troch syn frou Rita achternei sitten, se is poerlilk omdat er fannacht net thús west hat. Hoe moat soks ôfrinne…?

Ferjitlikens

maart 2020

Annulearre fanwegen Corona

Antoin wurdt stadichoan in bytsje ferjitachtich. Hy giet in pear dagen nei it strânhûs fan syn eksfrou Sarah. Syn dochter Iris hat him mist op ‘e saak en siket him. As sy tegearre op it strân binne, komme syn beide eksfroulju Sarah en Debora nei it strânhûs om harren soarch oer syn begjinnende demintes te besprekken en de soarch foar de takomst te regeljen. Dat fjouwertal mei in ferline mei-inoar, en harren eksplosive karakters, soarget foar it noadige fjoerwurk.

fjochtsje om leafde

NOVIMBER 2019

Gigi en Hugo wiene earder troud en beide grutte stjerren op it toaniel. Nei dat Hugo in slipperke makke hat binne se skieden en ha se elkoar in hiel skoft net sjoen, lit stean mei elkoar praat. No wol in produsint se beide brûke yn in nij stik, mar it falt net ta om Gigi en Hugo safier te krijen. It slagget al om se oan it repetearjen te krijen, mar dat giet net fansels. De iene nei de oare rint út de repetysjeromte wei omdat er de oare net útstean kin. By eintsjebeslút slagget it al en dan blike Gigi en Hugo it mear iens te wêzen as de regisseur en de produsint. De foarstelling wurdt in foltreffer.

Leave minsken

maart 2019

Leave minsken giet oer Dree ( in heal jier fan de drank ôf) en Ietsje (eks heroïneferslaafde): twa dakleazen dy’t besykje sille om ‘normaal’ te libjen yn de harren tawiisde flat. Dat falt net ta. Ietsje in skriemerich type dy’t eins allinnich it goede wol, wrakselt mei de opsternate buien fan de eins sa sêfte Dree. It binne helpleaze sielen.

Fêstrûn

novimber 2018

Fjouwer freondinnen binne ûnderweis foar in jûntsje fuort en in lang wykein der achteroan.
Se toere, mei in tas fol kofje en broadsjes, troch de Fryske bosken, oant se fêst komme te sitten op in drekkich boskpaad.. Se klopje oan by in hûske dat der wat ferlitten útsjocht. Se tinke earst noch dat it in fakânsjehúske is, mar der blykt in boer te wenjen.

At se freegje oft se de nachtoer bliuwe meie, stjoert de boer harren de neare nacht wer yn. Mar se litte it der net by sitte en de boer draait by. Hy sil yn de skuorre sliepe, dan kinne de froulju de keamer brûke om harren del te jaan. Yn harren nijsgjirrigens begjinne de froulju troch it hûs te strunen, mar wat se dan fine..

Wat in gesellich wykein wurde soe, draait út op in nachtmerje! Mar froulju binne tûk…

Op 'e camping

maart 2018

Trije stikken op ien en itselde plak, nammentlik op in camping.

Op in camping treffe jo elkoar, nije minsken, bekende minsken of miskien wol minsken dy’t jo eins hielendal net treffe wolle.

Yn “It iten is klear” wachtet in frou op har nije freon dy’t se fia in datingbureau moete hat en eins wol better kennnen leare wol. Oft it har slagget om de deistige beslommeringen los te litten en har ûnsekerheden te oerwinnen foardat de nije freon komt? Libje mei har mei yn it stik dat Ytsje Hettinga skreaun hat.

Yn  “It priisknyn” binne Anton en Terry op fakânsje yn harren caravan op in moaie lytse buorkerij camping. It knyn fan Terry’s broer hawwe se neinaam, want der wie noch wol in plakje foar him op de buorkerij-camping. Terry hat in ferrassing foar Anton yn petto, mar as broerleaf Harry dan delkomt op de camping mei ge-wel-dich nijs oer it knyn Karolus, binne de rapen gear! Hielendal wannear’t Omrop Fryslân ek beslút om del te kommen… as dat mar goed ôfrint!
In echte klucht fan Dick van Maasland dy’t oerset is troch Gerda van der Wijk.

Ek Durk en Antsje sitte tegearre op de camping, yn it jier 1968, sy binne nammentlik de earste minsken dy’t in tinte hiere op in camping!
Soks mei yn de krante fansels, mei foto! Durk is der allinne net alhiel gerêst op dat er mei Antsje op de camping sit, it binne roerige tiden en wa kinne jo hjoed-de-dei yn de sechtiger jierren noch betrouwe..? Âld nijs dy’t de takomst feroarje sil yn it stik fan Karin Idzenga, ‘Robert F Kennedy is fermoarde en myn soan teelt wiet achter de seedyk by Peazens‘.

de kat yn de kelder

novimber 2017

Majoar Evarist Tanghe lit, alhiel tsjin it sin fan syn ‘ soere’ suster Serafine, it kânsearme húshâlding De Kat tydlik yn de kelder fan syn hearehûs wenje, dy’t wachtsje op it tawizen fan in sosjale hierwenning. Ynearsten hat de famylje De Kat neat mei de kelder, mar dat slacht al rillegau om as se der achter komme dat se neist de bank komme te wenjen. Feliks sjocht de kâns op de ‘jackpot’ wol sitten en hy beslút fan út de kelder in tunnel nei de bank te graven. It wurdt uteraard in nuodlike ûndernimming, omdat se de tunnel grave moatte sûnder dat de Majoar of syn suster dit merke. Wêr moatte se bygelyks mei de modder hinne dy ’t by it graven frijkomt. Hoe ferbergje se de yngong fan de tunnel as se besite krije? Hoe maskearje se de herje dy ’t de drilboar makket? Uteraard levert dit hilaryske situaasjes op, ek al omdat blykt dat beppe sa no en dan ferrassend út ‘e hoeke komt. Kim wurdt fereale op Sven, dy ’t te pas en te ûnpas yn de kelder opdûkt. Kim liket de Majoar gâns op te winen, Serafine om de kat dy ’t samar weiwurden is, en der komt in drumstel oan te pas om de herje fan de drilboar te oerstimmen. Uteinlik lykje se te slagjen yn de opset. Dan fynt Serafine de tunnel en de de deade kat en se moatte har opslute. Madeleine lit it leven yn de kelder en dan sitte se dus ek noch mei in lyk dat se nergens kwyt kinne. En wat as Sven twivelt tusken syn leafde foar Kim en it rjochte paad? De Majoar blykt úteinlik mei in grutte ferrassing út de hoeke te kommen.

pleinfrees

maart 2017

Pleinfrees is in hertferskuorrend blijspul oer seis minsken, dy’t op syk binne nei kontakt en leafde. Se wrakselje har troch it deistige libben: binne op ‘e syk nei in hûs yn de stêd, dêr’t sels in biezemkast net te beteljen is, sitte yn de kroech mei as inkeld selskip de barman of in glês bier. Of se wachtsje foar de safolste kear op in blind-date. En as se thúskomme, wachtet dêr allinnich de televyzje en in miel út de magnetron of in heit, dy’t syn iten troch de keamer smyt en de fersoarchster útsegenet. Alle rolfigueren hawwe har eigen libben, mar op ferskate mominten kruse dy libbens inoar en dochs libje se by elkoar del. Yn in grut tal werkenbere situaasjes komt in wrâld fan iensumens, misbegryp en teloarstelling oan it ljocht.

lamelos

novimber 2016

Yn psychiatryske klinyk Lamelos wenje fiif pasjinten: de Majoar, Beppy, Fats, Dr. Doolittle en Mefrou de Haas. Wylst de direktrise har benammen dwaande hâldt mei jildsaken, soarget Suster Tialde der foar dat de pasjinten harren pillen krije en fersoarget de stazjêre de kreative terapy. Wannear’t de pasjinten te hearren krije dat Lamelos har doarren slute sil, komme se mei in lumineus plan.

amateurs!

maart 2016

Sân akteurs krûpe yn de hûd fan de spilers fan “Toanielploech It Heideblomke”. De toanielploech mei einlings repetearje yn de grutte seal fan de Kompenije! Om it nivo omheech te heljen, ha se foar dizze foarstelling in profesjonele regisseur ynhierd. De sfear wurdt oanienwei nerveuzer, der is net folle tiid mear oant de premjêre, de regisseur wurdt ûngeduldiger, kostúms binne net ôf, der is djin dekor en wa docht no eins presys wat? En wa sit der hieltyd mei it ljocht om te kloatsekjen, komt Joop noch en wa docht it no wol of net mei de regisseur?

Allegear fragen dêr’t noch in antwurd op komme moat, foar de jûn fan de premjêre…

de comeback fan de sunshine-boys

novimber 2015

In eks-vaudeville-team, Louis van Os en Willy Bogaard libje al jierren op foet fan oarloch mei-inoar, ek al ha se tegearre 43 jier oanien sketskes dien foar de radio. As in televyzje-stasjon in retrospektive meitsje wol oer de revu’s fan eartiids, wurdt harren frege om tegearre nochris wer de ferneamde “dokterskets” te dwaan. Willy Bogaard hâldt him de lêste tiid dwaande mei it ynsprekken fan reklameboadskippen en Louis van Os docht it noflik kalm-oan op syn âlde dei. Der moat dan ek fan alle kanten gâns op’e hearen ynpraat wurde om harren ta gearwurkjen te krijen. Lang om let slagget dat al, mar dan komme ek âld sear en skeel wer boppe.

de tiid fan myn libben

maart 2015

Gerard is de gasthear op in feestmiel ter eare fan de jierdei fan syn frou Laura. De soannen en harren partners binne ek fan de partij. De sloppe en hitsige Willem, dy’t yn in houlikskrisis sitten hat en de artistyk oanleine Joost mei syn punk kapsterke. Heit, mem en soannen mei de partners, ze ha allegearre ien mienskiplik ding: se slokke allegearre harren geloksmominten troch sûnder te priuwen. It ferhaal springt fan hjoed de dei hinne en wer nei it ferline.

Fuort mei de leafde

novimber 2014

Gjin beskriuwing beskikber

Ik wol liBje

maart 2014

Om’t Daniël ûnder in artystenamme weromkomt, ken gjinien him werom as dat sa bot narre jonkje fan eartiids. Yn it doarp wurdt hy wol gauris konfrontearre mei bylden en oantinkens út syn bernetiid. Iverich besiket er syn eigen plakje te finen yn de lytse mienskip.

Daniël wurdt troch Arne, in lokale middenstanner, frege oft er komme wol om nei it doarpskoar te harkjen. Dêrnei lit er him oerhelje om harren dirigint te wurden.

Wylst Daniel besiket troch stimekspresje elkenien in plak yn it koar fine te litten, makket syn wurkwize in soad los ûnder de doarpslju: oergeunst, leafde en in sykjen nei wêr’t eltsenien no eins wier foar stiet.

Daniël weeft ôf mei de spoeken út syn ferline en it koar stiicht ûnder syn besieljende lieding boppe himsels út. Se wurde talitten ta in grutte ynternasjonale sjongwedstriid: “Let the People Sing” yn Eastenryk. Op ‘e dei fan de opfiering wurdt Daniël lykwols ynienen mist: hy krijt it op ‘e nij oan it hert en komt te fallen. It koar moat no ymprovisearje. Wylst Daniël bliedend en helpleas op ‘e grûn leit, heart er it koar sjongen… sa suver… sa’t der yn ‘e himel songen wurde moa..