By de Fryske Krite op ’e Jouwer is it wenst dat men kwa toanielspyljen in útdaging siket. Dat wie sneon op ’e nij it gefal. Doe waard de Fryske wrâld premjêre spile fan it muzykteäter stik Yn de ban fan Broadway. Lykas altyd wie de spyllokaasje ’t Haske, in brûsplak foar teäter en ûntspanning.
Dizze Fryske ferzje fan Anja Steegstra is basearre op de Nederlânske oersetting troch Nathan Vecht, dy’t er skreau foar de musical dy’t yn 2016 spile waard yn ûnder mear it DeLaMar theater yn Amsterdam. Hy krige dêr doe ek in Musical Award foar. Anja Steegstra hat der mei lichte en boartlike taal in oansprekken de Fryske ferhaalline fan makke. Dy foldocht tige.
Ienfâldich komôf
We komme yn de kunde mei Grace Rogers, in famke fan ienfâldich komôf. Al nei twa jier delsetten fan rollen op ’e planken kriget se in priis foar har prestaasjes op it toaniel. Grace wurdt moai delset en songen troch Irene Liemborg. Se hat mar ien dream: as aktrise skitterje op it poadium fan it Majestic Theatre op Broadway. Om har doel te berikken, besiket se yn kontakt te kommen mei har grutte idoal: de bekende Broadway-stjeraktrise Margo Miller. Boukje Hofma set dy rol hiel oan nimlik del mei oansprekkende lichemstaal en oandwaanlike mimyk.
In roddelsjoernalist (Petra Bernardus) hat in fassinaasje foar Grace en skriuwt artikels dy’t de wierheid lang om let nei bûten komme litte. Grace har wiere karakter wurdt iepenbiere. It docht bliken dat Grace hielendal net de wierheid ferteld hat. Yn it hiele ferhaal wurdt dúdlik dat it artystelibben in soad roddel en efterklap meibringt. Ego’s komme nei boppen. Earmtakken wurde brûkt om eat te berikken. It is sa’t it op in gegeven stuit sein wurdt: ,,Dy wrâld.” It plaatsje is prachtich yn dizze produksje. Mei help fan de kleuren bordeauxread en swart wurdt de sfear fan de fyftiger jierren oan it publyk presintearre. Setstikken meitsje it mooglik om maklik en praktysk in nije sêne te kreëarjen.
De klean ploech hat in bealch fol wurk hân om de klaaiïng foar elkoar te krijen. Alles is ta yn detail útwurke.
Dat fertsjinnet in dik komplimint. Arnold Postma hat muzikale stipe jûn, sadat de Jousters diskear har fokale talinten hearre litte kinne. In hiel aardige nije diminsje oan soksoarte fan foarstellings.
It wurdt dizze jûn dúdlik dat regisseur Anja Steegstra in machtige útdaging oangien is mei har sels oersette stik. It mei besjen lije. Steegstra moat mar moai trochgean mei it stypjen fan it Fryske toanielrepertoire.
Yn de ban fan Broadway, troch Fryske Krite De Jouwer; tekst: Nathan Vecht, Fryske oersetting en regy: Anja Steegstra. Party&Zalencentrum ’t Haske op ’e Jouwer; tal besikers: 120; noch te sjen op 14 en 15 maart.

Foto: Nico de Lange