Bestel dyn kaarten no maklik online fia ús webside!
Kaarten binne ek fysyk te keap – as der noch plak is – oan de doar op ‘e jûn sels.
Oant en mei 12 jier âld binne jongeren fergees, 12 o/m 17 jier foar heal jild.
In lidmaatskip foar ien persoan bedraacht €18,- yn ’t jier. Besykje fergees twa foarstellingen per jier (maart & novimber)
Anneleen, Jessy en Marie binne 3 susters. Harren mem is krektlyn ferstoarn en no moatte se de begraffenis regelje. Se diele ien passy mei inoar: sikehûssearjes sjen op TV, mar oer alle oare saken binne se it net faak mei inoar iens.
Trije froulju, elts mei harren eigen libben en oantinkens oan mem en in eigen miening. Kinne se it mei inoar iens wurde of binne de ferhâldingen derfoar te skeef?